Ynbraak en brân oplost

09 jan 2013 - 14:12

De plysje hat fiif mannen fan 18, 19 en 20 jier út Ljouwert oanhâlden. Se wiene ferline jier belutsen by brânstichting, wenningynbraak en fernieling fan autospegels yn de haadstêd. De ynbraak wie yn maaie ferline jier yn in hûs oan de Johan Winklerwei. In laptop en spulkompjûter binne stellen. Yn july ferline jier binne yn de komponistebuert ferskate autospegels fernield en in karre yn brân stutsen. Dêrby is ek in auto folslein útbaarnd. De plysje hat tal fan tsjûgen heard en ûndersyk dien en doe kamen de fertochten yn byld.

Ek twa jonges fan 17 jier út Ljouwert waarden fertocht fan de fernielerij. Tsjin alle fertochten is proses-ferbaal opmakke. De 19-jierrige Ljouwerter sit noch fêst.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
(advertinsje)