Kloosterman Hearrenfean fallyt

Kloosterman Geveltechniek op It Hearrenfean is troch de rjochtbank yn Ljouwert fallyt ferklearre. By it bedriuw, dat al mear as 30 jier bestiet, binne sa'n 40 minsken yn tsjinst. Kloosterman Geveltechniek is ien fan de grutste produsinten fan aluminium geveleleminten. Se wurken sawol yn as bûten Nederlân. It fallisemint komt foar de fakbûnen as in ferrassing. It bedriuw en de kurator wiene net te besetten foar kommentaar.