Untslaggen by WoonFriesland

09 jan 2013 - 11:59

By wenningboukorporaasje WoonFriesland ferdwine foar de simmer 60 fan de 280 banen. Mooglik wurde dat noch folle mear. Dat hat de direksje oankundige. De ûntslaggen falle bedriuwsbreed. De hurde maatregels folgje op besluten fan it nije regear dy't finansjeel dramatysk útpakke foar WoonFriesland.

Sa geane de hieropbringsten bot omleech om't de hier tenei keppele wurdt oan de WOZ-wearde fan in hûs. Fierder wurdt de ferhierdersheffing út it ryk wei mei miljoenen ferhege.

De korporaasje sil net allinne besunigje op persoaniel, mar ek op nijbou. Der wurde de kommende fiif jier mar 400 nije huzen boud, wylst de planning 1000 wie. It giet hjir om ferfangende nijbou.

Trefwurden: 
ûntslaggen WoonFriesland
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)