Bauke Vaatstra krijt priis

09 jan 2013 - 10:55

Bauke Vaatstra krijt de Machiavellipriis 2012. De heit fan de fermoarde Marianne Vaatstra krijt de ûnderskieding fanwege syn manier fan it brûken fan de media yn de syktocht nei de dieder fan de moard. De Machiavellipriis wurdt alle jierren takend oan in opmerklike prestaasje op it mêd fan publike kommunikaasje. De priis wurdt tiisdei 12 febrewaris útrikt troch de Stichting Machiavelli yn De Haach.

Eardere winners fan de Machiavellipriis binne prinses Máxima, bûnscoach Bert van Marwijk, politikus Jan Marijnissen, Eurokommissaris Neelie Kroes, skriuwer Jan Blokker en mr. Pieter van Vollenhoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)