Famke bedrige en bestellen

Plysje-embleem © ANP
In famke (17) fan Skylge is tiisdei yn Ljouwert ûnder driging fan in mes fan har fyts bestellen. Se fytste om 18.00 oere yn de Elzenstrjitte doe't twa mannen har tsjinhâlden. Ien fan har hie in mes. Se lutsen it famke fan de fyts en naaiden dêrnei mei de swarte weduwefyts út yn de rjochting fan de Grinzerstrjitwei. Fia Burgernet binne minsken frege nei de dieders út te sjen. Dat hat neat opsmiten.
Ien man hie in tinte hûd, wie 1.75 meter lang en hie in breed postuer. Hy hie in swarte bivakmûtse en in swart bomberjack oan. De oar hie ek in tinte hûdskleur, wie 1.85 meter en in meager postuer. Hy hie in swarte lange jas oan, giele Nike Air-Max skuon en in brune cap mei NY logo mei flappen. Hy hie in gouden tosk yn it boppegebit en in gouden segelring mei in swarte adelaar derop. De plysje freget tsjûgen kontakt op te nimmen.