Plannen Ljouwert online set

De romtlike plannen fan de gemeente Ljouwert binne tenei online te besjen. Se binne te finen op de gemeentlike website. It giet dan sawol om plannen dy't noch yn de tariedende fase sitte, as plannen dêr't al hurd oan wurke wurdt.
Minsken kinne bygelyks sjen wat de bestimming fan in pân of lokaasje is, hokker boufoarskriften der jilde of wat de mooglikheden binne. Net alle plannen komme online te stean. Foar de hiele âlde plannen moatte je noch hieltyd nei it stedskantoar ta.