Aris hast heale bekerfinalist

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Ljouwert ha tiisdeitejûn yn de kwartfinale fan it bekertoernoai mei 82-55 wûn fan Cangeroes. Yn Utrecht koe de thúsploech út de promoasjedivyzje it de Ljouwerters net al te dreech meitsje. Trainer-coach Erik Braal brûkte al syn tsien spilers. Geregeld wiksele hy fiif om fiif. Healwei stie it 50-29 foar Aris. Yn it lêste kwart sakke it spulpeil mei de minút. Samme Givens makke 18 punten, Craig Osaikhwuwuomwan 16. Op 31 jannewaris spylje beide ploegen de twadde wedstriid yn Ljouwert.