Fallisemint hurd oankaam

08 jan 2013 - 21:56

It fallisemint fan De Vries Kezinen op 'e Gordyk is hurd oankaam yn it doarp. De rjochtbank hat tiisdei it fallisemint oer it bedriuw útsprutsen. Dêrtroch gean yn totaal 140 banen ferlern. By eardere reorganisaasjes hiene al 130 meiwurkers dien krigen. Neffens de gemeente Opsterlân is it fallisemint in klap foar it doarp.

Pleatslik belang fan De Gedyk hat noed oer alle gesinnen dy't rekke wurde troch it fallisemint, mar hat ek soarch oer de sponsoraktiviteiten dy't De Vries yn it doarp die.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)