Stipe foar NNO en Oerol

08 jan 2013 - 16:46

De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte hawwe besletten om mei-inoar fiif kulturele ynstellings ien miljoen euro stipe te jaan. It jild is ornearre foar it Noord Nederlands Orkest, Oerol, fotomanifestaasje Noorderlicht, Five Great Guitars en dûnsselskip Guy & Roni. De stipe komt boppe op de reguliere subsydzje dy't de fiif ynstellings krije.

It grutste part fan it jild giet nei NNO en Oerol. Beide krije trije ton. De stipe is bedoeld om de ynstellings de mooglikheid te jaan om de holle boppe wetter te hâlden, sa sizze de provinsjes.

Sûnder de trije ton fan de noardlike provinsjes soe it NNO in lytser orkest wurde en ek minder konserten jaan kinne. Fotomanifestaasje Noorderlicht soe sûnder de subsydzje nei alle gedachten hielendal ferdwine. De provinsje Fryslân hat mei Oerol ôfpraat dat it festival teatermakkers en poadiumkeunstners út Fryslân de kâns jaan sil om harren dêr te presintearjen. De stipe fan de provinsjes kin de ryksbesunigings net hielendal opheine. De ynstellings sille soberder wurkje moatte, mar kinne wol trochgean mei harren wurk, sa seit deputearre Jannewietske de Vries.

Trefwurden: 
subsydzje Oerol NNO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)