De Vries Kezinen fallyt

08 jan 2013 - 16:27

De Vries Kezinen op 'e Gordyk slút definityf de doarren. De rjochtbank hat hjoed it fallisemint oer it bedriuw útsprutsen. Dêrtroch gean 140 banen ferlern. Ferline jier moast De Vries al 130 meiwurkers dien jaan.

It bedriuw makket al trije jier grutte ferliezen en drige it memmebedriuw Doorwin yn gefaar te bringen. De oarderportefeuille is sa leech dat it kezinefabryk de lêste tiid in heal miljoen euro yn 'e moanne ferlear.

Trefwurden: 
kezinen fallyt De Vries
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)