Nije direkteur by SNN
Eise van der Sluis is de nije direkteur fan it gearwurkingsferbân Noard-Nederland, it SNN. Van der Sluis is no gemeentesekretaris fan de gemeente Achtkarspelen. Yn dy funksje wie er ûnder oare ferantwurdlik foar de útfiering fan ekonomyske projekten yn seis gemeenten yn Noardeast-Fryslân.
De hjoeddeistige direkteur Rob Engelsman hat 13,5 jier wurke by it SNN. Hy giet mei pre-pensjoen.