Kolleksje Martena op ynternet

08 jan 2013 - 15:10

De kolleksje fan Museum Martena yn Frjentsjer is te besjen op ynternet, op www.collectienederland.nl. It museum hat it ôfrûne jier meidien oan de Digitale Kolleksje Nederlân fan de Rykstsjinst foar Kultureel Erfguod. Dat is in database dy't museumstikken en argyfstikken út ferskate Nederlânske musea en ynstellings oanbiedt. Der sitte no goed 2,5 miljoen objekten yn de database.

Museum Martena docht mei mei goed 4700 foarwerpen. Sa binne alle objekten fan Anna Maria van Schurman te sjen.

Trefwurden: 
Museum Martena Frjentsjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)