'Arrivatreinen binne feilich'

Arriva seit dat der neat mankearret oan de feiligens fan de eigen treinen. Dêrmei reagearje se op in ferhaal út De Telegraaf. Dêryn wurdt skreaun dat Arriva besuniget op 'e feiligens.
Yn it artikel stiet dat Nederlân ein ferline jier oan in treinramp ûntkaam is. In masinist fan Arriva ried troch in read sein by Zwolle, om't er dêr net bekend wie. De trein kaam flak foar in oare trein stil te stean. De Arrivamasinist is fuortendaliks ûntslein. Direkteur Hettinga seit dat de feiligens by Arriva op it foarste plak komt.