Gjin plak foar Fryske taal

08 jan 2013 - 13:59

De Fryske taal hat gjin goed plak yn de nije fúzjegemeente De Friese Meren. Dat fynt de FNP-fraksje fan Skarsterlân. De fraksje hat krityk op it feit dat hielendal gjin rekken hâlden wurdt mei it Frysk. Neffens FNP-riedslid Wiebe Hoekstra komme der hieltyd mear klachten fan minsken dy't der bygelyks argewaasje fan hawwe dat de telefoan net mear yn it Frysk opnaam wurdt.

Der binne Fryske wethâlders genôch yn de nije gemeente en Gemeentebelangen Lemsterlân is ek opgien yn de FNP. Neat stiet it Frysk yn de wei, seit Hoekstra.

Loko-boargemaster Janny Schouwerwou fan de gemeente Skarsterlân kin har net fine yn de kritik dat der gjin romte is foar de Fryske taal yn de nije fúzjegemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)