Kondins yn Ljouwert bliuwt

08 jan 2013 - 12:09

De foarnommen útwreiding fan suvelbedriuw FrieslandCampina yn it Gelderske Borculo hat gjin gefolgen foar it kondinsfabryk yn Ljouwert. Dat seit in wurdfierder fan FrieslandCampina.

Yn Borculo wurdt molkepoeier makke foar de produksje fan lytse-poppe-iten. Yn Ljouwert wurdt kondinsmolke makke foar de eksport. Sadwaande hat de miljoene-ynvestearring yn Borculo gjin gefolgen foar Ljouwert. De al plande ynvestearrings yn it Ljouwerter fabryk gean gewoan troch.

FrieslandCampina stekt in soad jild yn de fabriken. It bedriuw ferwachtet nei it ferdwinen fan it molkkwotum yn 2015 mear molke oanlevere te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)