Mear skuldsanearring Ljouwert

Yn Ljouwert bedarje hieltyd mear minsken yn de skuldsanearring. Yn 2008 wiene der 358 oanfragen en dat tal is de jierren dêrnei bot omheechgien. Yn 2010 wiene der 514 oanfragen en in jier letter goed 1000.
De Ljouwerter PvdA-fraksje wol witte wat de ferklearring fan de ferdûbeling is. Der binne skriftlike fragen oer steld oan boargemaster en wethâlders. Minsken dy't nei in beslút fan de rjochter yn de skuldsanearring komme, moatte in strang trajekt folgje. Se binne nei in tal jierren dan wol hielendal frij fan skulden.
Ut ûndersyk docht bliken dat yn Ljouwert de rjochter him folle faker as yn oare grutte plakken dwaande hâldt mei skuldsanearringssaken.