Tsiisfabryk fan 500 meter lang

It Hearrenfean kriget in nij tsiisfabryk fan 500 meter lang by de sneldyk del. De A-ware Food Group hat dêr 18 bunder grûn mei in opsje op nochris 7 bunder foar in mooglike útwreiding. De waai dy't by it tsiismeitsjen frijkomt, sil brûkt wurde yn ûnder oare sportdrankjes. It moat foar 200 minsken wurk opsmite.
Sa gau't de fergunnings klear binne, sil de bou úteinsette. De ferwachting is dat dat yn juny is. Ein 2014 moat it fabryk hielendal klear wêze.
Moandei wie op It Hearrenfean in presintaasje foar belangstellenden. Dêr kamen sawat 250 minsken op ôf.