Toanielstik fan plysje

07 jan 2013 - 17:34

Mei in teaterfoarstelling wol de plysje Noard-Nederlân omtinken freegje foar de gefaren fan ynternet. De foarstelling 'Iets dat niemand weet' giet oer in famke fan 13 dy't op ynternet mei in âldere man yn kontakt komt dy't him folle jonger foardocht en har seksueel misbrûkt.

It teaterstik is bedoeld foar âlden en learlingen fan groep 7 en 8 fan de basisskoalle en yn it fuortset ûnderwiis. Sy moatte sa leare wat se dwaan moatte, as se derachter komme dat ien seksueel misbrûkt wurdt.

Trefwurden: 
plysje ynternet toanielstik
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)