Grypepidemy kommendeweis

07 jan 2013 - 16:12
  • Grypepidemy kommendeweis
  • Van der Tas fan de GGD

De GGD Fryslân warskôget foar in grypepidemy. Der komme hieltyd mear pasjinten mei klachten, al moat de grutste goarre noch komme. It grypfirus lûkt op út it suden wei. It wurdt de kommende tiid yn Fryslân ferwachte.

Sa slim as de Meksikaanske gryp yn 2009 sil it net wurde, neffens de GGD. Minsken mei in minne sûnens en âldere minsken rinne gefaar. Yn it noarden hawwe no 4 op de 10.000 minsken ynfluenza, mar dat kin takom wike wol folle mear wêze. Op de webside fan 'e GGD is ynformaasje te finen oer de gryp.

Trefwurden: 
GGD Fryslân firus gryp
(advertinsje)