Fr. Campina nimt Zijerveld oer

Logo FrieslandCampina
It suvelbedriuw FrieslandCampina nimt tsiisspesjalist Zijerveld út Bodegraven oer. De ferpakkingsôfdieling fan Zijerveld Den Hollander Food út Lochum is ek ûnderdiel fan de oername. Zijerveld hat in omset fan mear as 400 miljoen euro en leveret in ferskaat oan spesjale tsizen.
De oername past by de ambysjes fan FrieslandCampina om te groeien yn de merk foar spesjale tsizen. Mei-inoar wurkje by beide bedriuwen sawat 440 minsken. De lieding fan Zijerveld bliuwt yn hannen fan it hjoeddeistige managementteam.
Oer it bedrach dat FrieslandCampina foar de oername betellet, wurde gjin meidielings dien.