NOM-kantoar yn Ljouwert

Noardlike Untwikkelingsmaatskippij kriget in kantoar yn Ljouwert. Dat makke direkteur Siem Jansen bekend. De NOM hat it sa drok mei it nei Ljouwert heljen fan bedriuwen dat it handiger is om foar fjouwer of fiif minsken in kantoar te hieren yn de Ljouwerter Johannes de Dopertsjerke. De NOM sels is festige yn de stêd Grins. It kantoar Ljouwert set yn febrewaris of maart útein. De komst hat ek alles te krijen mei de klam dy't yn de stêd lein wurdt op wettertechnology en de komst fan Dairy Campus.
Fryslân is in wichtige provinsje as it giet om lienen fan jild oan bedriuwen. Dat is ien fan 'e taken fan de NOM. Hast 40 prosint fan dy lienings wurdt yn Fryslân ôfsletten.
Der wurdt ek praat oer in kantoar yn Drinte.