Wer njoggen ynbraken

07 jan 2013 - 10:27

De plysje docht ûndersyk nei njoggen wenningynbraken op snein. Dieven sloegen ta yn Snits, Makkum, Goutum en Ljouwert. Yn Ljouwert en Snits waarden sieraden en jild stellen. Yn Makkum en Goutum waarden de huzen trochsocht, mar wurdt foarearst neat fermist. Yn Ljouwert is ek op fjouwer plakken besocht yn te brekken. It slagge de dieven dêr net deryn te kommen.

De ôfrûne tiid is it tal ynbraken yn Fryslân bot tanaam. Yn de earste wike fan 2013 is 56 kear ynbrutsen yn wenhuzen. Yn Easterbierrum binne dêrby sels messen yn in bank stutsen.

De ynbrekkers wurde ek hieltyd jonger en brutaler, neffens de plysje.

Trefwurden: 
ynbraken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)