Spoekrider feroarsaket ûngelok
In spoekrider hat moandeitemoarn op de Westergoawei by Wommels in ûngelok feroarsake. Dêrby wienen trije auto's belutsen. By it ûngelok is net ien ferwûne rekke.
De spoekrider is nei it ûngelok trochriden. De plysje is dan ek op syk nei de bestjoerder en freget tsjûgen harren te melden.