Auto yn wetter
Yn it Leechlân by Warten is moandeitemoarn in auto yn it wetter rekke. Helptsjinsten koenen de bestjoerder op 'e tiid út de auto wei helje. It ûngelok barde even nei healwei achten.
Neffens in wurdfierder fan de plysje falt it mei de persoan ta. It is net bekend oft it om in man of in frou giet. De oarsaak fan it ûngelok is ek noch net bekend.