Groothuis wint 6e sprinttitel

06 jan 2013 - 17:49

Stefan Groothuis is snein foar de sechsde kear Nederlânsk kampioen sprint wurden. Yn Grins moast de regearend wrâldkampioen op de ôfslutende 1000 meter Mark Tuitert (1.10.13) en Michel Mulder (1.10,35) foargean litte. Syn tredde tiid fan 1.10.36 wie lykwols goed genôch foar de nasjonale titel. It sulver op de twadde 1000 meter wie foar Michel Mulder (1.10.35). Sjoerd de Vries fan Twellingea waard knap fjirde mei in tiid fan 1.10.58.

Yn it algemien klassemint einiget Michel Mulder as twadde, folge troch Hein Otterspeer.

Sjoerd de Vries fine wy werom op it dield sânde plak, tegearre mei Jan Smeekens. Jesper Hospes fan It Hearrenfean einige op de twadde 1000 meter as 19e en sakket dêrtroch yn it einklassemint nei it 11e plak.

Groothuis, Michel Mulder, Otterspeer en Mark Tuitert meie har klearmeitsje foar it WK sprint ein jannewaris yn Salt Lake City. Mulder, Tuitert en Groothuis pleatse har boppedat foar de folgjende Essent ISU World Cup wedstriden. Kjeld Nuis en Otterspeer wienen al wis fan dielname.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)