Flyers faget Herentals fan iis

06 jan 2013 - 14:17
  • Coach Chris Eimers

De iishockeyers fan Friesland Flyers ha sneon in romme oerwinning pakt op Herentals. Yn iisstadion Thialf waard Herentals mei mar leafst 10-3 fan it iis fage. Michael Nason iepene al nei 3 minuten de skoare. Dêrnei wie it Jerry Pollastrone dy't foar de 2-0 tekene. Mei syn twadde treffer sette Nason de Flyers op in riante 3-0 foarsprong.

Healwei de wedstriid stie de ploech fan Chris Eimers op in komfortabele 7-1 stân. Troch treffers fan Brent Janssen, Tony Demelinne en Jeffrey Martens rûnen de Feansters út nei in romme oerwinning.

Sneon 12 jannewaris giet de ploech fan Chris Eimers op besite by Amsterdam.

(advertinsje)