Wer fiif wenningynbraken

Ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket fiif ynbraken yn wenhuzen yn Alde Leie, Boalsert, De Jouwer en Ljouwert. Yn Boalsert waard ynbrutsen yn in wenhûs oan It Soal. De dieders brutsen in doar iepen en namen sieraden mei. Yn Alde Leie waard de ôfrûne wike ynbrutsen oan de Leijester Hegedyk. Ek hjir waard in doar iepenbrutsen. De bút bestie út jild en sieraden.
Yn Ljouwert waard op twa plakken ynbrutsen: út in hûs oan de Polderstrjitte waard in laptop stellen. Yn in hûs oan de Ingelumerstrjitte waarden ynbrekkers betrape. Se dieders naaiden doe gau út.
Ferskate ienheden fan de plysje sochten om harren, mar koene de ynbrekkers net fine. Op De Jouwer waard in wenhûs oan de Aliehoeve oeral helle. Ut de wenning waard jild meinommen.
It wenningynbraketeam fan de plysje ûndersiket alle ynbraken.