Kûbaard betinkt Pytsje Moens

06 jan 2013 - 12:40

Mei in koarte plechtichheid hat it doarp Kûbaard sneontemoarn betocht dat Petronella (Pytsje) Moens 170 jier lyn ferstoar yn Utert. Dizze bekende dichteres waard yn 1762 yn de pastorij fan Kûbaard berne en ferstoar yn 1843. Under oare mei it foardragen fan in fers fan Pytsje Moens en it ophingjen fan in krâns yn de strjitte dy’t nei har neamd is, waard har postúm eare brocht.

Petronella Moens wie in tige ferneamde skriuwster yn de 17e en 18e ieu, dy't in grut stimpel drukte op de Nederlânske literatuer fan dy tiid.

Doe’t se fjouwer jier wie waard Petronella troch in oanfal fan de bernepokken frijwol blyn. Dochs like dy handicap har ûntwikkeling amper te hinderjen. Noch altyd wurde har lieten songen, ûnder oare yn de tsjerke fan Kûbaard. Neist skriuwster wie se ek sjoernaliste. Se kaam op foar de emansipaasje fan froulju en joaden en makke har sterk foar de ôfskaffing fan de slavehannel. Petronella hie in bysûnder pittich karakter. Se waard dan ek wol Pytsje Potentaat neamd of de wilskrêftige.

Kûbaard woe har 170ste stjerdei net sa foarby gean litte. Nei ôfrin fan it tradisjonele kofjeoerke, wêryn't ek de nije ynternetside fan it doarp presintearre waard, naam de doarpsomropper, Klaas Bijleveld, de minsken mei foar de plechtichheid. De krâns waard ophongen troch de vice-foarsitter fan doarpsbelang Anneke Lageveen.

Trefwurden: 
Kûbaard Pytsje Moens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)