Rút ynslein by kafee Dokkum

Plysje-embleem © ANP
By in kafee oan de Merk yn Dokkum is fan sneon op snein in man fan 28 jier oanhâlden troch de plysje, omdat hy in rút fan dat kafee fernield hie. De man wie yn it kafee ek al ferfelend en wie troch it personiel bûten de doar setten. De 28 jierrige man waard dêrby sa lilk dat hy it rút fernielde. Hy is troch de plysje meinommen nei it plysjeburo en yn de sel setten.