Aris wint fan Zwolle
Basketbalploech Aris Ljouwert hat sneontejûn de belangrike wedstriid fan Landstede Zwolle wûn. Aris makke it ferskil yn it tredde kwart. By rêst hie Zwolle noch in minimiale foarsprong fan 38-37, mar dêrnei makken de Ljouwerters in goeie run en kamen se tsien punten foar. Op de ein like Zwolle it noch efkes spannend te meitsjen, mar echt tichtby kamen se noait. De einstân wie 91-85.
Troch de oerwinning is Aris opklommen nei it fyfde plak, dat se diele mei Den Helder. Foar dizze wedstriid dielden se it sechde plak mei Zwolle.