Lintsje foar oargelist Jonker

05 jan 2013 - 15:00

Yn Norch is sneon in ynwenner fan Haulerwyk keninklik ûnderskieden troch boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf. It giet om oargelist Sape Jonker. Hy wurdt snein 70 jier en is al 55 jier aktyf as oargelist.

Yn de jierren '50 is er begûn yn Noardburgum. Letter kamen der tsjinsten by yn Haulerwyk, Feanhuzen en Norch. Ek is Jonker dirigint fan in koar en docht hy frijwilligerswurk foar it swimbad fan Haulerwyk. It opspjeldzjen fan it lintsje wie yn de Margarethatsjerke fan Norch. Dêr waard in muzikale tsjinst oan Jonker opdroegen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)