Nij kompleks foar vv Nijskoat
Nei sân jier komt der in ein oan de ûnfeilige sitewaasje yn de klaaikeamers fan fuotbalferiening Nijskoat. It âlde sportkompleks wie 35 jier âld en foldie net mear oan de easken foar bygelyks it foarkommen fan legionalla yn de liedingen. Ek wiene de klaaikeamers te lyts neffens de regels fan de KNVB. Yn de plafondplaten wie strie ferwurke, dat bytiden nei ûnderen kaam.
Sneon wurdt in nagelnij kompleks iepene troch wethalder Buwalda fan Hearrenfean. Dat hat 350.000 euro koste, mar neffens foarsitter Kootstra leit it werklike bedrach heger.
Frijwilligers hawwe in belangrike bijdrage levere oan it nije kompleks.