Winkeldieven pakt yn Drachten

Boeien © ANP XTRA
Op it Noorderein yn Drachten hat de plysje freedtemiddei in jonge en in famke fan 16 jier oanhâlden op fertinking fan stellerij mei geweld yn in winkel. Even dêrfoar hiene de twa yn in winkel op de Noardkade boadskippen stellen. It famke rekkene har boadskippen ôf, mar ûndertusken rûn har freon de kassa foarby sûnder te beteljen.
Doe't it winkelpersoniel harren oanspruts waard it stel gewelddiedich. Bûten de winkel koe de plysje harren oanhâlde.