Peddeler no yn hel fan noarden

05 jan 2013 - 10:35

Jasper van Overbeek fan Swolle is sûnt freedtemoarn dwaande om peddeljend op in surfplanke de 220 kilometer fan de Alvestêdetocht ôf te lizzen. Yntusken is er yn Noardwest-Fryslân en moat er noch oer Dokkum nei Ljouwert.

Fannacht by Harns hat Van Overbeek in ynsinking hân. Yn Frjentsjer hat er sneontemoarn selskip krigen fan in kollega-peddeler. Op it lêste ein fan Dokkum nei Ljouwert sille mear minsken mei him it wetter op gean. It is net de earste kear dat de âlvestêdetocht 'standup peddeljend' dien wurdt.

It is wol de earste kear dat soks yn ien kear dien wurdt. Van Overbeek hopet sneontemiddei om fiif oere yn Ljouwert oan te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)