2000 Fryske fjoerwurkklachten

05 jan 2013 - 10:21

It ôfstekken fan fjoerwurk foar âldjiersdei is yn Fryslân de grutste argewaasje oer fjoerwurk. By it GrienLinksmeldpunt foar fjoerwurkklachten kamen 2000 Fryske klachten binnen, lanlik waarden 80.000 klachten meld.

It ôfstekken fan swiere knallers of fjoerwurkbommen soarge lanlik foar de grutste ergernis. Yn Fryslân joech it te betiid knallen de measte argewaasje. Sawat alle klachten kamen út de Fryske stêden, fan it plattelân kamen kwalik klachten. Mear as in kwart fan alle klachten kaam út Ljouwert.

GrienLinks wol de Nederlânske fjoerwurktradysje modernisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)