Alders skokt troch misstannen

De âlders fan berne-opfang Fleurtje Belle Fleur op It Hearrenfean binne skokt troch wat der bard is op it bernedeiferbliuw. De opfang is sûnt freed ticht op lêst fan de gemeente om't de eigeneresse te rûch omgean soe mei de bern. Sa soe se tsjin de bern raze en se opslute op in tsjuster toilet.
De gemeente Hearrenfean seit ta dat sy de âlders sa goed mooglik bystean wolle by it oplossen fan de problemen. Stifting Kinderwoud is freed troch de gemeente frege needopfang te regeljen.