Jild foar MFC Skearnegoutum

Doarpshûs Skearnegoutum
Doarpshûs Elim yn Skearnegoutum krijt fan it Oranjefûns 40.000 euro foar de bou en ynrjochting fan in nij doarpshûs. Dat wurdt in selsstannich ûnderdiel fan in nij multyfunksjoneel sintrum yn it doarp. Fan de folsleine boukosten moat it doarp sels 250.000 euro betelje.
Der binne tweintich ferienings dy't gebrûk meitsje fan it doarpshûs. Ek binne der sprekoeren fan twa húsdokters, fysioterapeuten, de tromboazetsjinst en in diëtiste.