Plysje betrapet streupers

04 jan 2013 - 16:35

De plysje hat woansdei trije streupers op 'e die betrape yn natuergebiet de Mersken ûnder Oerterp. De fertochten út Oerterp en Appelskea waarden trapearre doe't se wyldstrikken oan it opheljen wiene. Dy wiene bedoeld om kninen en hazzen te fangen.

De plysje kaam de streupers op it spoar om't se wyldstrikken yn it gebiet oantroffen hiene. Dêrop ha se post yn de Mersken. By hússiking yn de wente fan de man út Oerterp waarden strikken, fjoerwapens en swier fjoerwurk fûn. Ek trof de plysje in opsette reebokkop oan.

De trije manlju wurde foar de rjochter brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)