BOiNK wol dat Asscher yngrypt

Belangeferiening BOiNK foar âlden yn de berne-opfang wol dat minister Asscher fan sosjale saken yngrypt yn de sektor. BOinK seit dat nei oanlieding fan it sluten fan bernedeiferbliuw Fleurtje Belle Fleur op It Hearrenfean troch de gemeente. Dat barde omdat de eigneresse, dy't ek liedster is, te rûch mei de bern omsprong. Sa raasde se tsjin de bern en brûkte se grouwélige taal.
Neffens BOiNK moatte gemeenten folle makliker bernedeiferbliuwen slute kinne. Boppedat moat it dreger wurde om in bernedeiferbliuw te begjinnen, fynt BOiNK.