Auto's fan de dyk by De Lemmer

Twa auto's rekken fan 'e dyk tusken De Lemmer en Bantegea © www.112SWF.nl
Op de Grietenijdyk (ek wol bekend as Seedyk) tusken De Lemmer en Bantegea binne freedtemiddei by in ûngelok twa auto's fan de dyk rekke. Se binne yn de greide neist de dyk bedarre.
Hoe't dat barre koe is noch net dúdlik. Ien man waard troch de brânwacht út syn auto holpen. Dizze man hie ferwûnings oan syn holle en nekke. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de krekte tadracht fan it ûngelok.