Nije opfang foar bern H'fean

De bern dy't net mear nei bernedeiferbliuw Fleurtje Belle Fleur op It Hearrenfean kinne, kinne te plak op in oare berne-opfang lokaasje. Opfang-organisaasje Kinderwoud fan It Hearrenfean is troch de gemeente frege om foar sa'n lokaasje te soargjen. Fleurtje Belle Fleur is sûnt freed ticht.
De gemeente hat dat besletten omdat de eigneresse, dy't sels de bern ek fersoarge, te rûch mei de bern omsprong. Se raasde tsjin se en sette lestige bern wolris bûtendoar. De opfang foldie ek net oan de wetlike easken.
De troffen âlden krije sneon de gelegenheid om te sjen by de opfang dêr't har bern te plak kinne.