Ljouwert yn aksje tsjin roeken

De gemeente Ljouwert lit kommende wike yn it Valeriuskwartier in tal roekenêsten fuorthelje, omdat se foar oerlêst soargje. De gemeente hat dêr in ûntheffing foar krigen. Dat wie nedich omdat de roek in beskerme fûgel is. De fûgels meitsje in soad leven en se skite de hiele saak ûnder.
Moandei en tiisdei wurde de nêsten opromme. Yn maart komme der jagers, dy't de roeken mei spesjale pistoalen fuortjeie sille. Dan wurde ek nije nêsten wer opromme. It tal roekenêsten is de ôfrûne twa jier hast ferdûbele oant 900.
Neffens de gemeente Ljouwert soe dat foaral komme trochdat de roeken fuortjage binne út Tytsjerksteradiel.