Gjin nijjiersresepsje op Skier

Gemeente Skiermûntseach
De nijjiersresepsje fan de gemeente Skiermûntseach fan no moandei giet net troch. Dat yn ferbân mei it ferstjerren fan gemeentesiktaris Simen Stamhuis fan Skiermûntseach. Hy ferstoar woansdei nei in koarte sykte en wurdt kommende moandei begroeven.
Yn ferbân dêrmei hat de gemeente besletten de nijjiersbyienkomst oergean te litten. It gemeentehûs is fanwege de begraffenis moandeitemiddei ticht en ek net tillefoanysk te berikken.