Frachtauto fêst ûnder fiadukt

04 jan 2013 - 10:03

Op de Wergeasterdyk tusken Goutum en Swichum is freedtemoarn in frachtauto fêst kommen te sitten ûnder in fiadukt. De sjauffeur fan de frachtwein ried op oanwizing fan in navigaasjesysteem en seach it boerd dat de hichte fan it fiadukt oanjout te let. Dêrtroch rekke er fêst.

De frachtauto fan in firma út Amsterdam en Beemster wie ûnderweis nei in supermerk yn Wergea, om dy te befoarriedzjen. In bergingsbedriuw út Snits besiket om de frachtauto wer ûnder it fiadukt wei te lûken.

Trefwurden: 
frachtauto Goutum fiadukt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)