Plysje siket bylden fan Raard

De plysje siket byldmateriaal fan it ûngelok yn Raard yn de âldjiersnacht. In frou (42) út Dokkum ried doe yn op in groep minsken yn dy't nei it âldjiersfjoer stie te sjen. Santjin minsken rekken ferwûne. Ien fan har kaam te ferstjerren.
De plysje is dwaande mei it ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. It stiet yntusken fêst dat de frou it net mei opsetsin dien hat. Mar wat no krekt de oarsaak west hat, wurdt noch ûndersocht. Yn ferbân dêrmei siket de plysje filmkes en foto's dy't makke binne foar, wilens of nei it ûngelok.
Minsken dy't materiaal ha, kinne dat uploade op de webside fan de plysje. Se moatte dan oanjaan dat it materiaal bestimd is foar it plysjeburo yn Dokkum.