Aksje tsjin wynmûneplannen

04 jan 2013 - 07:15

De aksjegroep Hou Friesland Mooi spikeret freed fyftjin stellingen op de doar fan it provinsjehûs yn Ljouwert, as protest tsjin de wynmûneplannen fan de provinsje. De groep bestiet ûnder oare út fertsjinwurdigers fan de pleatslik belangen fan Makkum en Wytmarsum.

Sy binne bot tsjin op de komst fan mooglik wol hûndert grutte wynmûnen yn de trijehoeke Harns-Boalsert-Makkum. Se binne benaud dat dat grutte negative gefolgen ha sil foar it plattelân. De aksjefierders gripe dizze dei oan, omdat de provinsje freed syn nijjiersresepsje hâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)