Op syk nei plak foar bijefolk

Natuer- en edukaasjesintrum De Rietnymf yn Munnikebuorren siket minsken dy't bijefolken hâlde wolle. De lêste jierren binne in soad ymkers der mei ophâlden. Ek ha ymkers in soad lêst hân fan bijefolken dy't deagien binne troch de bijesykte. De lytse ynsekten binne belangryk foar de natuer. Dêrom hopet it sintrum dat der op safolle mooglik plakken bijefolken útsetten wurde kinne.
Inkele tsientallen minsken hawwe har al opjûn foar it projekt. Opjaan kin noch oant 10 jannewaris ta.