Wer wrâldtitel Naomi Zijlstra

03 jan 2013 - 18:38

De 9-jierrige Naomi Zijlstra út Harns is yn Amearika op 'e nij wrâldkampioene Line-dance wurden. Se waard lykas foarich jier winner yn de klasse Pro-Am Primary Novice. It is hiel bysûnder dat in famke út Nederlân wrâldkampioen wurden is, omdat dit in klasse is dy't foaral yn Amearika hiel grut is.

Takom jier sil it hiel dreech wurde foar Naomi om wer wrâldkampioen te wurden, want dan komt se út yn de klasse fan 10 oant 14 jier. Ek it suske fan Naomi Zijlstra, Wendy, die it goed op it wrâldkampioenskip. Se waard 6de.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)