Mûnen Dongeradiel yn roustân

spoare-ûndersyk by Raard
Yn ferbân mei it tragysk ûngelok yn Raard yn de âldjiersnacht binne de mûnen yn de gemeente Dongeradiel tongersdei yn roustân setten. It giet dan ûnder oaren om de mûnen De Zeldenrust en De Hoop. Dy âlde tradysje wurdt brûkt by it ferstjerren fan mûners en famyljeleden fan de mûners, mar ek by tragyk dy't de hiele mienskip treft. It is in teken fan meilibjen en belutsenheid. De skeve stân fan de wjukken foarby it leadpunt is der ien fan rou. De mûnen yn Dongeradiel stean oant en mei moandei yn roustân.