Alvestêdetocht suppen

03 jan 2013 - 16:46

Fryslân hat der wer in nije Alvestêdetocht by. Freed sil Jasper van Overbeek út Swolle foar it earst in non-stop-Alvestêdetocht suppe. Dat betsjut steande op in sylplanke peddelje. Hy tinkt dat er sa'n 40 oeren oer de tocht dwaan sil. De start en finish binne yn de Prinsetún yn Ljouwert.

Freed om 06.00 oere stekke hy en syn begeliedingsteam fan wâl. Nachts moat mei lampkes op de planke en op syn holle fearn wurde. It wurdt in hiele put seit Jasper van Overbeek, want langer as acht oeren achterelkoar hat er noch nea supt.

Trefwurden: 
Alvestêdetocht SUP
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)